27-12-2010 Grutte Skea oefenromte N.N.B.
Dat N.N.B. yn ‘e Middel of Nowhere in oefenromte hat witte de measte minsken wol, dêr sitte de monn’n hun ynsperaasje op te dwaan foar nij materiaal. Ek kinne se hjirre protte decibels meitsje en sels as de monn’n in kear falsk sjonge dan hjerre de bourren dat net. Ideaal in oefenromte op ‘e romte.
Mar dizze kear gong de jûn wot oarser as oars, Gosso siet de musyk foar it 2de album te spieljen toen er in Bjusterbaarlikse Hurde knal de oefenromte die skodzjen. Sels de dûbele ruten knapten en it glês fleech Gosso om de earren. De ruten erût, oeral glês en sels in gitaar mei glêsskea.
Gosso is er goed mei wei kaam, allinich is der ferlopich sa dôf as in kwartel.
Of dizze knal ek mar iets mei de titel fan it 2de album, neamd : Bjusterbaarlik Hurd! te meitsjen hat kinne we noch net fertelle. Dizze skiif sil ergens begjin oar jier opnaam wurre.
Waarschynlik wynen it in stel hampelmonn’n dyt in nij karbidkanon oan it testen wienen om de spoeken op 31 desimber te ferjeien.




