NNB

Yn 2013 wurdt de rjochting fan it nije album dúdlik en wurdt de band útwreide mei wer in nij bandlid, Sarina Kingma. Sy spilet de Thin Wistle (Ierske fluit) en soarget hjirmei foar mear melodie. Letter dat jier lit sy ek har akkordeon heare.

Healwei 2013 bestiet NNB út:
Brend Kingma: Drums, sang, kowbel.
Wilco Kingma: Elektryske gitaar, sang, banjo, mandoline.
Sarina Kingma: Thin Wistle (Ierske fluit), akkordeon.
Pieter Hoekstra: Elektryske gitaar, sang, akoestyske gitaar.
Gosse-Pieter de Vries: Basgitaar en sang.

Mei fiif man sterk begjinne sy oan de nije nûmers dy’t opnommen en produsearre wurde troch Gosse-Pieter de Vries. NNB besiket safolle mooglik yn eigen hannen te hâlden sadat sy ek die eigen ‘sound’ behearen bliuwe kinne. Juli 2013 komt ek it earste ynternasjonale optreden, nammentlik in Bierfest yn Dútslân. In festival mei meardere bands, moai waar en bier.  Foar dit evenemint wurdt in spesjaal ‘Bierfest shirt’ drukt. Letter, op it Fryskbloed Festival yn de Lawei Drachten soarget de band dat der noch lang neipraat wurdt troch harren optreden yn it teater. Dit wie ien grut feest, wat net faker op dizze wiize yn in teater dien wurdt.

Yn 2014 wurkje Kees, Fred en Bronius mei oan in nije plaat. Knallende drums, fikse gitaren, Floggy melodieën fan de banjo en thin wistle en in soad sang. De hiele plaat wurdt ôfmixt troch Double Impact te Oentsjerk. De nije plaat ‘Tekene foar it libben’ wurdt released op Aaipop 2014, it Fryske muzykfestival.

Download hjirre de folsleine ferzje